Fytser ferwûne by botsing yn Drachten, fyts yn twaen brutsen

20 sep 2017 - 18:44
Foto: De Vries Media

Yn Drachten is woansdeitemiddei in fytser by in botsing ferwûne rekke. It ûngelok barde oan de noardkant fan it Moleneind yn Drachten. In auto dy't fan in parkearpleats fuortried, knalde tsjin de fytser oan. Troch de klap bruts de fyts fan it slachtoffer yn twaen.

In meiwurker fan de ambulânse hat de man op it plak fan it ûngelok behannele. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Drachten fyts botsing
(Advertinsje)
(Advertinsje)