Omrop Fryslân stiet stil by Wereld Alzheimer Dag

Mear as 10.000 Friezen hawwe lêst fan demintens. In proses dat net te kearen is. Op tongersdei 21 septimber is it Wereld Alzheimer Dag en ek Omrop Fryslân stiet dêr by stil. De hiele dei binne der op radio en telefyzje ferhalen en portretten fan minsken dy't sels demint binne. Ek prate wy mei harren neisten oer de impact fan de sykte en mei minsken dy't der fanwege harren wurk mei te krijen hawwe.
Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân fynt it tige wichtich dat der oandacht jûn wurdt oan de sykte. "In soad minsken krije te meitsjen mei Alzheimer of in oare foarm fan demintens. Net allinnich de minsken dy't it sels krije, mar ek harren omjouwing."
Ek Omrop Fryslân krige der mei te meitsjen doe't kollega Dirk Baron twa jier lyn op syn 35e troffen waard troch Alzheimer. Koartlyn moast er ôfskied nimme, om't hy troch de sykte gjin redaksjewurk mear dwaan koe. "Wichtige fragen komme dan op", fertelt Bakker. "Hoe giest dêr mei om, wat kin je dwaan en hoe is de stân fan saken wat medysk ûndersyk oanbelanget? Dêrom is omtinken foar de sykte yn de media belangryk."
Yn Fryslân Hjoed wurdt tongersdei in miny-dokumintêre oer Dirk Baron útstjoerd. Oan presintator Raynaud Ritsma fertelt hy syn yndrukwekkende ferhaal. Hy docht dat tegearre mei syn frou Dieke, mei wa’t hy twa lytse bern hat.
Mear ynformaasje oer ús programmearring op Wereld Alzheimer Dag is te finen op omropfryslan.nl/aksje.