Sportdei foar Feanster bern op de atletykbaan

De Lionsklup fan It Hearrenfean hat 34.000 euro skonken oan it Sport Jeugdfonds. Se hawwe mei in golftoernoai it bedrach ophelle en woansdeitemiddei oanbean. De hiele middei stie yn it ramt fan bern en sporte. Op de atletykbaan op It Hearrenfean koenen basisskoalbern yn de kunde komme mei ferskate sporten. It doel fan de middei is bern mear oan it sporten te krijen, benammen bern út earme famyljes.
Goed hûndert bern kamen op de middei ôf. Se krigen earst in rûnlieding troch it Abe Lenstrastadion, dêrnei in warming-up fan ûnder mear âld-fuotballer fan SC Hearrenfean, Maarten de Jong. Hjirnei wie der noch in hiel sportsirkwy dêr't de bern oan meidwaan koenen.