Drachtster (18) bestelt famylje: fiif moannen sel

20 sep 2017 - 16:47
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 18-jierrige man út Drachten is woansdei troch de plysjerjochter feroardiele ta in finzenisstraf fan fiif moannen, wêrfan trije ûnder betingst. De Drachtster hie jild stellen fan syn mem, en ek noch jild en sieraden fan de mem fan syn freondinne. De Drachtster is in bekende fan de plysje. Hy siet noch yn in proeftiid fan in feroardieling fan de bernerjochter. De reklassearring seach noch wol mooglikheden om him mei begelieding wer op it rjochte paad te helpen, mar de rjochter tocht dêr woansdei oars oer en sei dat soks allinnich mar mislearje koe.

De Drachtster moat no ek noch trije wiken jeugddetinsje útsitte. Dy trije wiken waarden earder troch de bernerjochter oplein as straf ûnder betingst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)