Ferskerpe kontrôles A7 hawwe resultaat: 1.800 boeten

20 sep 2017 - 16:33
Foto: ANP XTRA

By de ferskerpe kontrôles op de A7 binne sûnt april fan dit jier sa'n 1.800 boeten útdield. De measte oertrêdingen hawwe te krijen mei te hurd riden. Yn in soad oare gefallen sieten bestjoerders te beljen of te appen efter it stjoer, mar der waarden ek boeten útdield foar bumperkleven, rjochts ynheljen, kearen op 'e dyk of it net oanjaan fan de rjochting.

Yn 76 gefallen waard it rydbewiis ynnommen. Yn april waard úteinset mei de aksje A7-Attent. Dêrby wurde de dykgebrûkers ekstra wiist op feilich ferkearsgedrach. Der wurdt ek mear kontrolearre troch de plysje.

Trefwurden: 
A7 kontrôle boeten plysje
(advertinsje)
(advertinsje)