Mysterieuze ruftestruier besieddet wenwyk mei brûkte pampers

20 sep 2017 - 16:26
In brûkt ruft yn in beam yn De Wiken - Foto: Facebook Politie Oost-Fryslân

De plysje is op syk nei minsken dy't witte hoe't it kin dat der geregeld brûkte ruften dumpt wurde yn de wyk De Wiken yn Drachten. Al moannenlang wurde dêr mei regelmaat smoarge ruften oantroffen. Okkerdeis hongen se sels yn de beammen. It giet om pampers foar folwoeksenen.

Neffens de plysje is it foaral nei it wykein dat gemeentewurkers de ruften oantreffe. "Wij willen weten wie hier verantwoordelijk voor is en deze onsmakelijke situatie stoppen", meldt de plysje.

Trefwurden: 
Drachten ruften plysje
(advertinsje)
(advertinsje)