Gemeente mei farferbining troch Skilkampen gewoan oanlizze

20 sep 2017 - 15:40

De gemeente Ljouwert mei gewoan trochgean mei it oanlizzen fan in farferbining tusken De Tynje en De Kurkemar yn de stêd. Dat hat de Ried fan Steat woansdei bepaald. Bewenners fan Skilkampen protestearje dêr al in skoft tsjin, benammen om't der yn it gebiet in grutte koloanje seefûgels sit. Earder sei de rjochter ek al dat de farferbining gewoan oanlein wurde kin. De Ried fan Steat hat dat no befêstige.

Oar plak foar de fûgels

De gemeente hat tasein dat der in oar plak komt foar de seefûgels en de Ried seit dat der gjin reden is om dêr oan te twiveljen. Yntusken hat de gemeente dêr al neier ûndersyk nei dien. De tsjinstanners neame de útspraak in 'swarte dei foar de natuer en de demokrasy yn Ljouwert'.

Troch it protest út Skilkampen is it graafwurk al flink fertrage. De gemeente hie in heal jier lyn al klear wêze moatten.

(advertinsje)
(advertinsje)