Nieske Ketelaar nije foarsitter fan Friesland Pop

20 sep 2017 - 15:31
Foto: Gemeente Smellingerlân

Ald-wethâlder Nieske Ketelaar fan Drachten is de nije foarsitter fan de stichting Friesland Pop. Dy stichting set him yn om begjinnende muzikanten in poadium te bieden en sa talint te ûntwikkeljen. Ketelaar hold begjin dit jier op as wethâlder fan Smellingerlân. Se hie moannenlang thús sitten mei in burn-out. Ketelaar folget Gerard van Klaveren op as foarsitter fan Friesland Pop. Van Klaveren hat acht jier foarsitter west fan de stichting.

Omrop Fryslân makke inkelde jierren lyn in reportaazje oer it 25-jierrich jubileum fan Friesland Pop. Besjoch dy útstjoering hjirûnder yn it programma K-rûte.

(advertinsje)
(advertinsje)