Weststellingwervers kinne nije boargemaster útnûgje

20 sep 2017 - 15:19

Wa't altyd al ris de boargemaster fan Weststellingwerf oer de flier hawwe woe, hat no de kâns. Weststellingwerf hat sûnt 5 septimber in nije boargemaster, André van de Nadort. Van de Nadort wol yn syn earste hûndert dagen leafst by safolle mooglik ferskillende bedriuwen, ynstellingen, ferieningen en bewenners yn syn gemeente op besite. Op de webside fan de gemeente stiet no in spesjaal formulier, dêr't elkenien dy't dat wol de boargemaster útnûgje kin.

De boargemaster makket dan mei syn meiwurkers in kar út de oanmeldingen dy't him it meast nijsgjirrich lykje en dy't yn syn programma passe. Op syn Facebookside docht de boargemaster ferslach fan syn earste hûndert dagen yn Weststellingwerf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)