Boer Tom nimt tún Piet Paulusma ûnder hannen

20 sep 2017 - 15:05

De tún fan waarman Piet Paulusma wurdt flink ûnder hannen naam troch boer Tom Groot fan it telefyzjeprogramma Eigen Huis en Tuin. Piet hat it sels ferskuorrende drok en komt net ta oan it moaier meitsjen fan syn achtertún yn Harns. Boer Tom is no mei syn ploech dwaande mear fleur en kleur oan te bringen.

Op himsels is it in prima gehiel, seit Tom, mar der kinne wol wat fersieringen oanbrocht wurde. It is no wat suterich. Piet is tige wiis mei de oanpak, mar hopet wol dat it in ûnderhâldsfreonlik túntsje wurdt. In soad tiid om der sels yn te wurkjen hat hy net. Boer Tom wol net sizze hokker planten der allegear komme. Dat is te sjen yn it programma dat op 4 novimber útstjoerd wurdt by RTL4.

(Advertinsje)
(Advertinsje)