Lân te wiet om ierappels en sûkerbiten út de grûn te heljen

20 sep 2017 - 14:23

De helte fan alle ierappels en sûkerbiten yn Fryslân sit noch yn de grûn. It is te wiet om se derút te heljen en dat slagget de kommende dagen ek net. Dat seit Upt Hiddema fan Lânbou-organisaasje LTO. Troch alle rein leit it wurk benammen yn it klaaigebiet stil en dat wylst it heech tiid is om te roaien.

Foar de boeren moat it drûch wurde. Dan kin it grûnwetter sakje en binne de ierappels better út de grûn te heljen. Ek is de kâns op ferrotting dan folle lytser. De foarútsjoggen fan it waar binne wol goed en it liket der op dat de measte bouboeren dit wykein wol oan de slach kinne.

As alles goed út de grûn komt, dan belooft it in goed jier te wurden foar de bouboeren. De sûkerbiten ha in heech sûkergehalte, de mais stiet goed en ek de opbringst oan ierappels liket goed te wêzen.

Trefwurden: 
lân ikker wiet bouboeren
(Advertinsje)
(Advertinsje)