Grutte ferkearskontrôle op Wâldwei by Nyegea

20 sep 2017 - 14:17
Foto: De Vries Media

Op de Wâldwei (N31) by Nyegea is woansdei in grutte ferkearskontrôle hâlden. Dy begûn om in oere as 9 en wie rjochte op oanhingweinen. De plysje hâlde auto's en oanhingers oan en dy waarden dan nei de parkearplakken by de benzinestasjons laat.

De kontrôle waard foar in part dien troch studinten. Se kontrolearren mei har begelieders de auto's en skreaune ek de bekeuringen út. In oanhingwein dy't te swier beladen wie, moast fuortendaliks foar in part leechskept wurde. Ek krigen meardere bestjoerders in bekeuring foar it net op oarder hawwen fan de ferljochting, of foar lading dy't net goed fêstmakke wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)