Nei Mata Hari-eksposysje? Reservearje kaartsje én tiid

20 sep 2017 - 12:33

It Fries Museum yn Ljouwert sil by de tentoanstelling oer Mata Hari foar it earst gebrûk meitsje fan 'time slots'. Dit betsjut dat minsken in kaartsje keapje en tagelyk in tiid reservearje wêrop't se nei binnen ta meie. By de foarige grutte tentoanstelling, oer Alma Tadema, wie it gauris sa drok dat der lange rigen foar it museum stiene. Mei de tiidsmaatregel wurdt dit foarkaam.

Fan 14 oktober ôf sil it museum in grut ferskaat oan guod fan Mata Hari sjen litte. Sa binne der surveillânseferslaggen, in poëzyalbum, telegrammen en in babyalbum te sjen. It is de grutste tentoanstelling ea oer Margaretha Zelle, dy't yn Ljouwert berne waard. De ticketferkeap foar 'Mata Hari: de mythe en het meisje' is woansdei úteinset. 

Trefwurden: 
Fries Museum Mata Hari rige
(advertinsje)
(advertinsje)