Fryslân en Súd-Koreä wurkje gear op mêd wettertechnology

20 sep 2017 - 11:17
Foto: Provinsje Fryslân

De provinsje Fryslân en de Súd-Koreaanske stêd Daegu wolle mei-inoar oparbeidzje op it mêd fan wettertechnology. Dêrom hawwe se in gearwurkingsoerienkomst sluten. Deputearre Klaas Kielstra is yn Súd-Koreä foar it World Water Cities Forum en hat de oerienkomst foar Fryslân ûndertekene.

Om de kontakten goed út te bouwen, wurde der ferskate sintra foar stipe oan bedriuwen iepene. Dat moat bedriuwen helpe om foet oan de grûn te krijen op de Aziatyske of Europeeske merk. De Koreanen binne ek útnûge foar de European Water Tech Week 2018 yn Ljouwert.

De oerienkomst tusken Daegu en Fryslân is ta stân kaam op inisjatyf fan de Súd-Koreanen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)