Doarpsbelang Sumar wol mear ljocht lâns fytspaad

20 sep 2017 - 11:08
Foto: Omrop Fryslân, Joline Dalstra

Doarpsbelang Sumar is bot teloarsteld oer it beslút fan de provinsje om mar op twa krusingen op it fytspaad tusken Sumar en De Tike ferljochting oan te bringen. Dit fytspaad rint lâns de Sintrale As. Fierders wurdt der noch ekstra ferljochting oanbrocht op de kuierpaden nei de bushalten ta by Sumar, Sumarreheide en De Tike. En de markearring op it fytspaad wurdt ferbettere.

Doarpsbelang Sumar pleitet foar ferljochting lâns it hiele fytspaad en sil de polityk der no yn belûke. Begjin dit jier ha se mei de âlden fan bern dy't oer it fytspaad nei skoalle moatte ek al harren beklach dien by de provinsje en de gemeente. De fytsers fine it paad gefaarlik, omdat net goed te sjen is wêr it fytspaad ophâldt en se binne benaud foar ûngelokken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)