Opsette bear mei rjocht en reden yn beslach naam

20 sep 2017 - 11:00
Foto: Anema BV

De opsette grizzlybear fan ûndernimmer Siep Anema fan Arum is terjochte yn beslach naam troch it ministearje fan Ekonomyske Saken. Dat seit de Ried fan Steat. Anema helle de bear yn 2014 út Kanada nei Nederlân, mar omdat er net de goede papieren hie, waard it bist yn beslach naam. It bist stiet sûnt dy tiid yn in opslachloads.

Anema hat dat al in tal kearen sûnder sukses oanfochten by de rjochter en hy krijt dus ek fan de steatsried gjin gelyk. Minister Kamp wol de bear no skinke oan in goed doel.

Trefwurden: 
bear grizzlybear Siep Anema
(Advertinsje)
(Advertinsje)