Noardlike Rotaryclubs donearje oan Sint Maarten

20 sep 2017 - 10:21

De Rotaryclubs yn Noard-Nederlân donearje 130 saneamde Shelterboxen oan de slachtoffers fan de orkaan Irma op Sint Maarten. In Shelterbox is in grutte keunststof kist fan sa'n 185 liter, dêr't alderhande needsaaklik guod yn sit. It giet dan bygelyks om in sterke famyljetinte, ark, wettersuveringstabletten en tekkens. Under oare de Rotaryclub fan Drachten docht mei oan dizze aksje. De kisten kostje 750 euro it stik en wurde mei help fan it Reade Krús en de VN sa gau as mooglik oerbrocht nei Sint Maarten.

(advertinsje)
(advertinsje)