Auto rydt yn op fytserek by soarchynstelling yn Drachten

20 sep 2017 - 09:51
Foto: De Vries Media

In auto is woansdeitemoarn op in fytserek ynriden op it terrein fan soarchynstelling Bertilla oan de Burgemeester Wuitewei yn Drachten. It is net bekend oft der immen ferwûne rekke is by it ûngelok. It is ek net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe. Neffens tsjûgen is de bestjoerder mooglik net goed wurden en hjirtroch mei de auto troch de boskjes riden en op it parkearplak foar fytsen bedarre. Meardere fytsen ha skea oprûn. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok fytserek Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)