Kollum: "Unfrysk"

20 sep 2017 - 08:45

"Foar de lju dy’t dat noch net witte, in selfy is in fotootsje fan josels. Myn eardere kollega Eric Ennema lit sa no en dan, mar yn elts gefal fierstente faak, in selfy los op twitter. Dan moatte wy nei syn holle sjen. Ik hie myn nocht dêrfan en sei dat soks ûnfrysk wie. Dêrmei kaam ik yn in drege diskusje. Eardere kollumniste Nynke Sietsma bemoeide har der mei en frege wat no ûnfrysk is. Simpel. Unfrysk is net gewoan. Doe frege se wat wól gewoan is. No, gewoan is wat je sels gewoan fine. Mar doe frege se in dissertaasje. Tsja.

Dan moat ik begjinne twa iuwen lyn. Doe’t oerpake en oerbeppe elkoar mei jo oansprutsen, wylst se tegearre pake oan it meitsjen wiene. Ik kin my foarstelle dat soks yn de rin fan de jierren wat heftiger waard en dus waard it do. Mar heit en mem bestean noch, dy hjitte net Sjoukje of Jehannes. Want it is ûnfrysk heit en mem te dookjen. Fyn ik.

Mar ik wit dus bêst dat de tiden oan it feroarjen binne. En dat je meigean moatte. Mar je moat ek wer net al te fier fan de âlde wearden ôfdwale. It grutte foarbyld is de kulturele haadstêd fan takom jier. Prima om sjen te litten wat je kultuer is, en wat je dêromhinne allegear dogge. Mar wat we nó dwaan sille, bin allegear dingen dy’t we net wend binne te dwaan. Kin hartstikkene moai wêze, mar it hat noch gjin stâl, it is noch net gewoan. Grutte hynders op de Ofslútdyk, en fonteinen yn de stêden bin foarearst ûnfrysk. It ferstjerren fan Rients Gratama en de yndruk dy’t dat makke yn de Fryske mienskip is tekenjend. Rients wie fan alles, mar altyd benammen Frysk. En freed gean ik nei Nijlân en sjoch Klaasje Postma as Tsjerkje fan De Kliuw. Ynfrysk.

It publyk by SC Hearrenfean wurdt altyd taroppen troch it publyk fan de tsjinstanner dat se faak sa stil binne. Mar as der op it fjild noch neat prestearre wurdt, sit je dochs net as in idioat op de tribune te razen. Dan sit je rêstich te sjen. En by in goal stek je dan de hannen omheech. Heu. En as we sa no en dan ris in Alvestêdetocht organiseare, en dat doch we echt noch wolris, priizget de hiele wrâld ús. Friezen meitsje dan mei syn allen in grut feest- en sportbarren foar elkenien. Mar de frijwilliger dy’t fan moarns ier oant jûns let op it iis stie, om de riders paad te wizen, giet de oare dei wer rêstich oan it wurk. Tefreden, mar gewoan.

Mar ik moat earlik wêze, ús kommissaris Brok wol dat oars ha. Friezen binne te beskieden, sei hy ferline wike op de gearkomste fan de Feriening fan Fryske gemeenten. We moatte ús sels mear profileare sa’t dat sa moai hjit. Op de trommel slaan. Hjir bin wy! Hear nei ús! Sjoch nei ús! Kom by ús! Wy bin better as oaren!

Ik wit noch dat ien fan Brok syn foargongers, Wiegel, dat foar ús die. Hy sei: Friezen dogge twa kear safolle yn in wurkoere as Hollanners. Dat kin je ek kloaterich neame, mar wy wiene, stikem, suver wol wat grutsk. Mar we ha’t nea sels roppen. Mar no ropt Brok op om it te roppen.

Ferhaleferteller Mindert Wynstra fan Warns hie wat dat oanbelanget wol in moai ynstjoerd ferhaaltsje yn de Ljouwerter Krante. De gemeente Súdwest-Fryslân wol mear op de profileartrommel slaan. Dan komt der wer in glânzjende folder oer hoe moai as it hjir is, mar it iennige wat de lju hjir sjen kinne bin maisfjilden, sei Mindert. Hy wol graach werom nei de âlde kleure greide fol fûgels en blommen. Mar hy tsjut dus oan dat je hiel maklik it byld te oerdreaun delsette kinne. En dat oerdreaune, dat sweeslaggerige, is ûnfrysk.

Unfrysk is dus benammen josels of oaren té oerdreaun op de foargrûn sette. Dat dogge wy Friezen net. Ho. Dat soenen we eins net dwaan moatte fyn ik. Mar ik wit ik wol dat ik soks al lang ferlern ha. Al dy selfykoppen, dêr is net mear oan te ûntkommen. Foar it oare: ik sit ek fierstente folle yn it ferline. Al is dat no wer krekt hiel Frysk."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)