28 tips yn oplichtingssaak nei Opsporing Verzocht

De webside fan Opsporing Verzocht
De útstjoering fan Opsporing Verzocht hat tiisdeitejûn 28 tips opsmiten yn de saak fan de oplichting fia Marktplaats. Mei falske advertinsjes hellen de oplichters earder dit jier flink wat jild binnen. Op Marktplaats ha se ferskate produkten oanbean. Klanten betellen mar krigen nea wat levere. Se makken har jild oer op de rekken fan in 48-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân. Hy hie lykwols net de advertinsjes pleatst en it jild ek net fan de rekken ôfhelle. Neffens de man is syn bankpas stellen, mar de plysje tinkt dat er syn bankpas en pinkoade ferkocht hat oan de oplichters.
Yn Opsporing Verzocht wiene bylden te sjen fan de oplichters doe't se jild pinden yn Castricum, Heiloo, Beverwijk en Alkmaar.