"Bettere begelieding foar minsken mei demintens''

19 sep 2017 - 22:38
Foto: ANP

Alderen mei in ferstanlike beheining en demintens foarmje in doelgroep dy't te min omtinken krijt. Fan minsken mei bygelyks it Down Syndroom krije acht op de tsien minsken ek Alzheimer. Undersiker Feija Schaap fan hegeskoalle NHL hat foar har promoasjeûndersyk it gebrûk fan de metoade Dementia Care Mapping (DCM) ûndersocht. Dizze metoade wurdt ek al brûkt yn de soarch foar minsken mei demintens yn ferpleechhuzen, mar is nij yn de ferstanlik gehendikeptesoarch. DCM is rjochte op it feit dat soarchferlieners bettere begelieding jaan kinne oan dizze doelgroep. It wurkfjild hat entûsjast reagearre op it gebrûk fan dizze metoade.

Trefwurden: 
demint
(Advertinsje)
(Advertinsje)