Dijkhuizen hie net ferwachte dat it sa maklik gean soe

19 sep 2017 - 22:31

Cambuurtrainer Marinus Dijkhuizen hie net ferwachte dat it sa maklik gean soe tsjin Helmond Sport. De Ljouwerters wûnen yn de beker mei 5-1 fan de Brabanners. Dy ploech stiet wol ûnderoan yn de Jupiler League, mar se hawwe dochs in pear goede resultaten hân, seit Dijkhuizen. Troch de twa reade kaarten oan de side fan Helmond Sport waard it fansels wol wat makliker. Cambuur spile op in stuit tsjin njoggen man en dus fynt Dijkhuizen it in terjochte oerwinning: "Er is niets geflatteerds aan. Het kon niet beter vanavond, we hebben vertrouwen opgedaan voor de wedstrijd tegen MVV vrijdag."

Foar de tsjintreffer fan Cambuur hat Dijkhuizen syn ekskús oanbean oan de spilers. "Het was mijn fout. Ik moet niet wisselen bij een standaardsituatie. Daarom heb ik mezelf net voor de groep een boete gegeven. De pot moet ook een beetje gespekt worden", sa seit Dijkhuizen.

Spiler Kevin van Kippersluis skoarde yn dizze wedstriid syn earste goals foar Cambuur. Hy kaam ein augustus oer fan FC Volendam en is bliid mei de twa doelpunten dy't er makke: "Dat is lekker en smaakt naar meer."

(Advertinsje)
(Advertinsje)