Grutte brânwachtoefening yn Ljouwerter studintehûs

19 sep 2017 - 21:48

De Brânwacht Fryslân hat yn gearwurking mei studinten in grutte brânoefening dien yn in studintehûs yn Ljouwert. Yn it studintehûs oan de Oude Oosterstraat 'ûntstie brân yn de keuken en dy sloech dêrnei oer nei oare dielen fan it kompleks.' Neffens de brânwacht is de oefening in belangryk learmomint foar de studinten en ek foar harrensels.

Op de strjitte by it studintehûs stie ek in stand fan de brânwacht om foarbygongers te ynformearjen oer de gefaren fan fjoer. Neffens Jan Kees Toxopeus fan Feilichheidsregio Fryslân is it benammen belangryk dat minsken in reekmelder hawwe dy't se goed hearre kinne yn de sliepkeamer. Ek moatte minsken jûns de binnendoarren goed tichtdwaan. Beide maatregels ferlingje de tiid om fuortkomme te kinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)