SC Cambuur wint simpel fan Helmond Sport mei 5-1

19 sep 2017 - 21:33
SC Cambuur bekeret simpel fierder nei de 5-1 winst yn Helmond - Foto: Dijksfotografie

SC Cambuur hat de twadde ronde fan it bekertoernoai berikt troch tiisdeitejûn yn Helmond 5-1 mei te winnen fan Helmond Sport. Cambuur kaam nei goed 10 minuten al op foarsprong toch in goal út in frije traap fan Van Kippersluis. Cambuur krige yn de earste helte de measte kânsen, mar de rêststân wie 1-0.

Yn de twadde helte hie Cambuur ek it bettere fan it spul en sette dat nei sân minuten om yn 2-0 en wer wie it Van Kippersluis dy't skoarde, hy tikke in strakke foarset van Kallon yn. De wedstriid krige in hiel oar karakter, neidat Helmond Sport binnen fiif minuten twa spilers mei in reade kaart fan it fjild gean seach. Edwards krige read foar in oertreding op Boerlage en even letter wie it Van Koesveld dy't nei de klaaikeamer koe foar in hurde tekkel op Kallon. Mei njoggen man slagge Helmond Sport der toch yn om te skoaren, mar Cambuur bepaalde yn de einfaze fan de wedstriid op 5-1, mei goals fan Rossi, Kallon en Robertha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)