Brânwacht yn aksje foar ko yn de sleat

Oan de râne fan Drachten is tiisdei in ko út de sleat helle. De brânwacht fan Oerterp krige om tweintich foar seizen middeis in melding dat oan de Fahrenheitleane in ko yn it wetter stie.
De brânwachtlju hawwe touwen om de bealch fan it kobist lein en doe gie it op in lûken. Mar de ko wie te swier, Nei in goed oere kaam de boer mei in trekker en doe slagge it wol it bist wer op it drûge te krijen.