Ljouwert kin hast fairtradetitel oanfreegje

19 sep 2017 - 21:04
Fairtradekofje - Foto: ANP

Ljouwert is hast safier dat se de titel 'fairtradegemeente' oanfreegje kinne. De wurkgroep dy't him dêrmei dwaande hâldt, kin nije wike de lêste sertifikaten útrikke en dêrmei wurdt oan alle kritearia foldien om de titel oanfreegje te kinnen.

Twa jier lyn hat de gemeente Ljouwert besletten om fairtradegemeente te wurden. De kampanje hat as doel om elkenien bewust te meitsjen wat minsken bydrage kinne oan in bettere wrâld. Doel is dat der neitocht wurdt oer oer hokker kofje dronken wurdt, wêr't minsken klean keapje en hoe't de produkten by de minsken komme. De definitive titel wurdt yn oktober ferwachte. Dêrnei giet de wurkgroep troch.

Trefwurden: 
fairtrade Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)