"Troanrede en miljoenenota slaan brêge nei nije kabinet"

19 sep 2017 - 20:51

De op Prinsjesdag presintearre troanrede en miljoenenota slaan in brêge nei it nije kabinet fan VVD, CDA, D66 en ChristenUnie. Dat is de yndruk fan foarsitter Hans de Boer fan wurkjouwersferiening VNO/NCW. De Boer is posityf oer de nije ryksbegrutting. Dat jildt ek foar it foarnimmen om de earmere minsken yn Nederlân mear profitearje te litten fan de ekonomyske groei.

"Dat moat ek. Net troch de útkearingen te ferheegjen, mar troch de minsken oan wurk te helpen. Der binne op it stuit in hiel soad fakatueres yn Nederlân - sjoch mar yn de bou - en dy moatte ynfolle wurde.'' It karakter fan it wurkoanbod feroaret wol. Troch digitalisearring en robotisearring ferdwynt op ferskate plakken wurk, mar dêr komme wer oare funksjes foar yn 't plak. "Foar minsken betsjut dat dat se minder wis binne fan in baan, mar dat jildt net foar minsken dy't wat nijs leare wolle. Dy slagje wol gau oan wurk. As wurkjouwers wolle we ús dêr ek graach foar ynsette."

De Boer wie fierders wiis mei de troch de kening útsprutsen solidariteit mei Sint Maarten. "Dat moat ek. Sy hearre by it keninkryk. Wy binne ryk en dêr is alles stikken." De Boer fynt ek dat it nije kabinet him rjochtsje moat op it ûntwikkeljen foar de ekonomy fan hiel Nederlân, en net allinnich fan de Rânestêd. "Fryslân moat der ek better fan wurde. Dêr wol ik my ek foar ynsette."

De Boer is op Prinsjesdag altyd gasthear fan de grutte VNO/NCW-buorrel yn Nieuwspoort njonken de Twadde Keamer. Dêr komt 'elkenien dy't derta docht' om in slokje, En ta genoegen fan De Boer sjocht er dêr ek hieltyd mear Friezen. "Dat fyn ik in goede saak."

Trefwurden: 
Hans de Boer VNO/NCW
(Advertinsje)
(Advertinsje)