"Nij kabinet lit net lang mear op him wachtsje"

19 sep 2017 - 20:24

It nije kabinet komt reedlik gau. Wy sitte yn de lêste faze en de ein is yn sicht. Dat seit fraksjefoarsitter Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie nei de troanrede yn Den Haag. Segers is bliid dat de salarissen yn it basisûnderwiis omheechgean. De wurkdruk dêr is tige heech en it wurk is belangryk. Op de fraach oft yn de troanrede ek in ChristenUnie-ynfloed te fernimmen is, antwurdet Segers yn it Frysk: "In lyts bytsje." Mar dat sil pas te fernimmen wêze yn it nije regearakkoart dêr't de ChristenUnie ek oan meiskriuwt, seit Segers.

Fraksjefoarsitter CDA Sybrand van Haersma Buma (berne yn Warkum) is it mei Segers iens. Hy tinkt ek dat it nije kabinet der gau komt. "Der wurdt hurd oan wurke. It is noch net klear, mar wol hiel fier. Dit is echt noch in troanrede fan it âlde kabinet", seit Buma. "Der sitte gjin CDA-ynfloeden yn. It giet ekonomysk better, mar in hiel soad minsken hawwe it gefoel dat it by harren del giet. Der bliuwe ek soargen oer radikalisearing. It nije kabinet moat derfoar soargje dat it better giet mei de finânsjes, de feiligens en de folkssûnens."

"Jou minima der ek wat by"

Net folle elan, gjin opwûne toan, mar dat past ek wol by de situaasje. Sa karakterisearre it Ljouwerter Twadde Keamerlid Isabelle Diks (GrienLinks) de troanrede. Doe't it oer de opgeande ekonomy gie, hope se dat de kening sizze soe dat de keapkrêft foar minsken mei in leech ynkommen of in útkearing derop foarút gean soe, mar hy sei dat it gelyk bliuwe soe. "As wy sjogge dat Nederlân de rapst groeiende ekonomy fan West-Europa hat, dan is it net passend dat minsken mei in leech ynkommen der amper wat op foarút gean." Diks fynt it hielendal ferskriklik dat der in hap naam wurdt út it jild foar ûntwikkelingsgearwurking.

Spannend

"It is wol spannend om dit mei te meitsjen mei al dy toeters en bellen", seit it Ljouwerter Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA) dy't syn earste troanrede meimakke. "Der siet ien foar my dy't sei: "Bist do hjir stikem net te nuchter foar?"Nee, hear. Fryslân waard net neamd. Wol Grinslân mei de gasproblematyk. En ik fûn dat de kening de goede toan oansloech mei de solidariteit mei Sint Maarten."

Fryske hynders

Theo Hiddema fan de partij Forum voor Democratie en Fries om utens fynt dizze troanrede "lykas alle oare troanredes, in bytsje klisjee." Feralgemenisearje en de boekhâlding byhâlde. Hiddema wurdt wol fleurich fan de Fryske hynders foar de glêzen koets. Hy hat se sels net sjoen, mar se jouwe de saak wol kasjet, seit er.

Mei troch "it oanpassingsfermogen, hurde wurkjen en de fearkrêft" fan de Nederlanners stiet Nederlân der no folle better foar as doe't it kabinet fan VVD en PvdA yn 2012 begûn. Dat sei kening Willem-Alexander yn de jierlikse troanrede dy't er alle jierren foarlêst foardat de miljoenenota bekend wurdt. De ekonomy skriuwt wer swarte sifers, allinnich soene mear minsken dêrfan profitearje moatte. De miljoenenota wurdt presintearre op in momint dat it kabinet fan VVD en PvdA demisjonêr is. In soad nijs falt dêrmei net te ferwachtsjen.


Trefwurden: 
troanrede
(Advertinsje)
(Advertinsje)