Fûgelhelling Oerterp liedt de needklok by provinsje

19 sep 2017 - 19:56

De Fûgelhelling liedt de needklok by Provinsjale Steaten. De opfang foar sike en ferweesde fûgels draait prima, en sit op it stuit grôtfol. Dochs is der grutte noed by de organisaasje. De Fûgelhelling fangt sa stadichoan alle jierren hast sân tûzen fûgels op, en krijt gjin sint fan de provinsje. Ek it jild dat se fan gemeente krije is net genôch om in profesjonele fûgelopfang draaiende te hâlden. Fretten, hokken en oar materieel guod kin oant no ta goed betelle wurde mei it jild dat binnen komt troch donaasjes en giften.

Personielskosten

De problemen sitte him yn de kosten dy't makke wurde foar it personiel. Der moat kundich personiel oan it wurk wêze. Sawol foar de profesjonele fersoarging fan de fûgels, as foar de begelieding fan de tsientallen frijwilligers dy't wurkje by de Fûgelhelling.

Twadde brief

Foarsitter Henk Marinus hat de fraksjes yn Provinsjale Steaten no foar de twadde kear in brief skreaun. De earste brief smiet allinnich in reaksje op fan de Partij voor de Dieren. Marinus nûget de steateleden út om op wurkbesite te kommen, en om sa sels te sjen hoe wichtich de ynstânsje is foar sawol minske as natuer. De twadde brief is ferline wike ferstjoerd, oant no ta hat it noch gjin reaksje opsmiten. Dochs hat Marinus der fertrouwen yn dat der op 19 oktober politisy delkomme sille op de opfang. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)