Waaksma bliid mei behâld ferfier, mar ûnwis oer takomst

19 sep 2017 - 18:02

Eigener Rienk Waaksma fan Taksy Waaksma giet út fan de goede bedoelingen fan de gemeenten, mar hy hat der net al te folle fertrouwen yn dat it goed komt. "Yn it ferline binne sokke tasizzings wol faker omsyld. Dat is in heikel punt", seit Waaksma. Syn bedriuw is troch de nije oanbesteging in diel fan de ritten kwytrekke. Hy moat 30 oant 35 sjauffeurs dien jaan. Oare taksybedriuwen dy't it ferfier oernimme, moatte syn sjauffeurs yn tsjinst nimme. Dat is offisjeel fêstlein. De belutsen gemeenten hawwe tasein dat se dêrop ta sjen sille, mar Waaksma moat dat noch sjen.

Taksy Waaksma yn Koatstertille docht oant no ta learlinge- en doelgroepeferfier. Dus minsken nei it sikehûs of de famylje ride. It doelgroepeferfier falt yn de nije oanbesteging fuort en it learlingeferfier is minder as oant no ta. Dat betsjut in stik minder omset en in ûnwisse takomst foar in grut tal sjauffeurs foar Waaksma.

De oanbesteging giet oer de ritten yn de gemeenten Ferwerderadiel, Dantumadiel, Dongeradiel, Kollumerlân, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel.

Earder dit jier foel Waaksma by in oanbesteging fan de belutsen gemeenten bûten de boat. Mar nei in protest en in koart pleit moast de oanbesteging oer. En no sit it bedriuw der wol by, mar hawwe se minder ritten..

Trefwurden: 
Taksy Waaksma
(Advertinsje)
(Advertinsje)