ChristenUnie freget update oer leechsteande Fryske winkels

19 sep 2017 - 17:10
De leechstân yn de Midstrjitte op De Jouwer

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol witte hoe't it der yn Fryslân no foar stiet mei de leechsteande winkels. In jier lyn hat deputearre De Rouwe mei oare provinsjes in retaildeal sletten om wat oan dy leechstân te dwaan. Neffens in ûndersyksrapport is der lykwols nei in jier noch neat ferbettere. Yn guon Fryske gemeenten is de leechstân noch slimmer wurden.

De ChristenUnie wol ek witte hoe't it giet mei noardlik keapstream-ûndersyk. De Steaten hawwe dêr noch neat oer heard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)