B en W Opsterlân: OZB kin leger en gjin ekstra besunigingen

19 sep 2017 - 17:04
De Opsterlânske Kompanjonsfeart op De Gordyk - Foto: Suzanna Bronger

Ynwenners fan de gemeente Opsterlân hoege takom jier minder ûnreplikesaakbelesting, de saneamde OZB, te beteljen. Dat is it gefolch fan de goede finansjele posysje fan de gemeente.

De ûntwerpbegrutting foar 2018 waard tiisdeitemiddei presintearre. Hy lit in posityf resultaat sjen. Behalve de ferleging fan de belesting hoege der ek gjin ekstra besunigingen te kommen. Der is boppedat romte foar de oanpak fan diken en grien. De gemeenteried behannelet de begrutting op 6 novimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)