Heechste punt fan nij waadsintrum op Ofslútdyk is berikt

19 sep 2017 - 16:35
Foto: Provinsje Fryslân

By Koarnwertersân is tiisdei it heechste punt berikt fan it nije Ofslútdyk waadsintrum. Dat gebou wurdt goed njoggen meter heech. Fan it dak ôf kinne besikers útsjen oer de Iselmar en de Waadsee. Neffens de provinsje leit de bou fan it waadsintrum goed op skema. As dat sa bliuwt, kin it gebou ein dit jier oplevere wurde.

De nije eksploitanten kinne dêrnei de ynrjochting foar har rekken nimme. Yn maart 2018 folget dan de iepening foar besikers. Yn it Ofslútdyk waadsintrum wurdt it ferhaal ferteld fan de skiednis fan de Ofslútdyk, mar ek de takomstplannen wurde út de doeken dien. Der wurde tusken de 60.000 en 100.000 besikers yn it jier ferwachte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)