Deputearre Steaten posityf oer troanrede

19 sep 2017 - 16:16

Deputearre Steaten fan Fryslân sjogge genôch oanknopingspunten yn de troanrede. De sifers en de ekonomyske groei jouwe mooglikheden foar de ambysjes fan de provinsje Fryslân, lykas de bou fan in slûs en in brêge yn de Ofslútdyk.

It kabinet giet fierder mei de útfiering fan it enerzjy-akkoart en it ferankerjen fan it klimaatakkoart fan Parys en dat past by de Fryske winsken om huzen enerzjyneutraal te meitsjen. Deputearre Steaten binne it mei it kabinet iens dat safolle mooglik minsken profitearje moatte fan de goede finansjele situaasje fan it ryk.

Fryslân waard net neamd yn de troanrede. Oer Grinslân waard wol rept, yn ferbân mei in nasjonaal skeafûns dat der komme sil foar ierdbevingsdupearren. Njonken de gaswinbedriuwen sil it ryk ek mei in fergoeding komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)