Opnamen Joris' Kerstboom dit jier ek yn Dokkum

19 sep 2017 - 16:02

It telefyzjeprogramma Joris' Kerstboom fan presintator Joris Linssen makket dit jier ek opnamen yn Dokkum. Dat bart ûnder de jierlikse krystmerk yn de binnenstêd fan Dokkum. ''Dokkum is een uitverkoren plaats om het te doen'', fertelt Annelies van der Meer, dy't foar Dokkum lobbyd hat. Njonken de opnamen yn Dokkum wurdt in grut part fan it programma yn Den Bosch opnaam. Foar it programma Joris' Kerstboom komme minsken út it hiele lân nei it plak om in foto fan in bysûnder persoan op te hingjen, dy't se graach yn it ljocht sette wolle.

''Ik vond het een heel mooi programma'', seit Van der Meer. ''In de stad Dokkum zijn alle ingrediënten voor een geslaagde dag aanwezig. Rondom kerst is het altijd een gevoelige tijd, dan is het mooi als mensen op zo'n manier iemand in het licht kunnen zetten.''

Krystmerk

De krystmerk yn Dokkum is op freed 15 desimber op ferskate plakken yn de binnenstêd.

(advertinsje)
(advertinsje)