Wyldpisser oanhâlden yn Wergea

29 okt 2011 - 12:08
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon in 44-jierrige ynwenner fan Wergea oanhâlden. Surveillearjende plysjes seagen twa manlju tsjin in gevel pisjen. Doe't de plysjes de beide manlju hjir in bekeuring foar joegen, misledige de man ien fan de plysjes ferskate kearen.

Hjirop waard de man oanhâlden en oerbracht nei it plysjeburo om dêr fierder heard te wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)