Epke Zonderland wol noch ien kear Olympyske Spelen turnje

19 sep 2017 - 15:06
Epke Zonderland yn aksje - Foto: ANP

Epke Zonderland wol syn turnkarriêre yn elts gefal trochsette oant de Olympyske Spelen fan Tokio yn 2020. Betingst is wol dat de turner yn de tarin nei de Spelen gjin fysike problemen krijt. ''Ik wol graach nei Tokio, as ik fit genôch bin'', sa seit de 31-jierrige Fries.

Zonderland hopet yn april ek syn stúdzje genêskunde ôf te meitsjen. In spesjalisaasje kin wachtsje. ''Sa as ik my no fiel, wol ik noch wol efkes trochgean mei turnjen.'' Epke Zonderland is op it stuit dwaande mei de lêste tariedings foar it WK. Moandei reizget hy nei de Kanadeeske stêd Montreal, dêr't dat WK oer oardel wike begjint.

(advertinsje)
(advertinsje)