SC Hearrenfean sûnder Pierie tsjin Excelsior

19 sep 2017 - 13:59

Foar de twadde kear yn fjouwer dagen reizget SC Hearrenfean ôf nei Rotterdam dêr't it bekerduel tsjin Excelsior spile wurde moat. Ofrûne sneon wûn Hearrenfean noch it kompetysjeduel mei 2-1. Neffens trainer Jurgen Streppel ha beide ploegen dan ek net in soad geheimen foar inoar. "Beide ploegen hebben de speelwijze duidelijk, ik verwacht weinig verrassingen". Dochs sil Streppel wat oanpassingen dwaan yn fergeliking mei de lêste konfrontaasje.

Sa sit Kik Pierie net by de wedstriidseleksje, it 17-jierrige talint krijt rêst. Pierie hat de lêste wiken in soad wedstriden fuotballe, ek mei Oranje ûnder 19, en hy hat boppedat wat lêst fan syn hamstring. De Noar Nicolai Naes makket dêrtroch syn basisdebút sintraal efteryn. Dat liket net de iennichste feroaring, want op basis fan de lêste training krijt Henk Veerman de foarkar boppe Reza Ghoochannejhad.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)