Brân yn loads op De Gordyk, fjoer ûnder kontrôle

19 sep 2017 - 13:40

Meardere auto's fan de brânwacht binne tiisdeitemiddei útriden foar in brân op De Gordyk. Oan de Leijen stie in loads yn de brân. De brânwacht skaalde op nei in middelbrân. Al rillegau wie it fjoer ûnder kontrôle. De minsken dy't noch yn it gebou oanwêzich wienen, koenen op 'e tiid nei bûten komme.

Om't der in soad reek frijkaam, advisearre de brânwacht omwenners ruten en doarren fanwegen de reek ticht te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)