Monumint foar hynstedrama

29 okt 2011 - 12:13

By Marrum oan it Noarderleech wurdt takom wike in bliuwend oantinken ûntbleate oan it drama fan de troch wetter ynsletten hynders fan fiif jier lyn. Dêrby ferdronken tweintich hynders. Der is sûnt dy tiid wol oan oplossings wurke foar dit soarte fan situaasjes, mar neffens foarsitter Piet Osinga fan doarpsbelang Marrum kin it no sa wer barre. Al is der wol it ien en oar ferbettere. De doarpen hoopje mei it nije monumint en in kuierpaad toeristen te lûken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)