Fraudesaak yn Opsporing Verzocht

19 sep 2017 - 13:33
De webside fan Opsporing Verzocht

Yn it tv-programma Opsporing Verzocht wurdt tiisdeitejûn omtinken jûn oan fraude dy't fia Marktplaats barde. Fia falske advertinsjes hellen de oplichters earder dit jier flink wat jild binnen. Op Marktplaats ha se ferskate produkten oanbean. Klanten betellen, mar krigen nea wat levere. Se makken har jild oer op de rekken fan in 48-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân. Hy hie lykwols net de advertinsjes pleatst en it jild ek net fan de rekken ôf helle.

Neffens de man is syn bankpas stellen, mar de plysje tinkt dat er syn bankpas en pinkoade ferkocht hat oan de oplichters. Yn Opsporing Verzocht binne bylden te sjen fan de oplichters. Se binne filme doe't se jild pinden yn Castricum, Heiloo, Beverwyk en Alkmaar.

Trefwurden: 
Opsporing Verzocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)