Boete easke tsjin Makkingeaster foar ûngelok by Smilde

19 sep 2017 - 12:59
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tsjin in 26-jierrige frou út Makkingea is tiisdei tûzen euro boete en in rydûntsizzing fan trije moannen easke. It Iepenbier Ministearje ferwyt de frou dat se foarich jier net goed oppast hat, doe't se in ûngelok feroarsake by Smilde. Dêr klapte se yn maart 2016 op in rige auto's dy't dêr op de dyk stilstie. Troch de botsing rûn de bestjoerder fan de troffen auto nekklachten op.

Neffens de offisier fan justysje soe de frou koart foar de botsing appkes ferstjoerd hawwe mei har telefoan. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)