Undernimmers yn Wergea teloarsteld oer nije wetterkaart

Toeristyske ûndernimmers yn Wergea binne bot teloarsteld yn de nije wetterkaart fan de gemeente Ljouwert. Neffens dy kaart kinne sloepen mar better net troch it doarp hinne farre, mar moatte se der om hinne farre. Reden derfoar soe wêze dat de brêgen net heech genôch binne. Ek soene guon bochten te krap wêze foar de boatsjes. De ûndernimmers fine dat ûnsin. Neffens harren is de feart yn it doarp sels rom genôch foar skûtsjes fan sechstjin meter, dus in sloep kin der maklik troch. Ek de brêgen kinne gewoan iepen.
De nije wetterkaart wurdt útdield oan toeristen yn Ljouwert en de Wergeaster ûndernimmers binne benaud dat dit harren klanten kostje sil. Se trune der dan ek by de gemeente op oan sa fluch mooglik mei in ferbettere ferzje fan de kaart te kommen.