Replikaskippen treffe elkoar yn de Harnzer haven

19 sep 2017 - 11:09

It replikaskip de Halve Maen leit tiisdei oan de Willemskade yn Harns, tichtby de Willem Barentsz yn oanbou. Beide skippen ha om ende by 1600 skiednis skreaun mei in heroyske syktocht nei in noardlike trochgong rjochting Azië. It is dan ek bysûnder dat dizze twa skippen, rom fjouwer iuwen letter, elkoar wer treffe yn Harns. Foar belangstellenden in unike mooglikheid om de skiednis op te snuven.

Op de Halve Maen en op de werf sille meiwurkers fertelle oer de romrofte ekspedysjes. De frijwilligers fan de Barentsz werf yn Harns binne noch wol ien oant twa jier dwaande foardat de replika fan de Willem Barentsz driuwt en sylt.

Trefwurden: 
Halve Maen skip Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)