FIDEO: Kemper middenyn De Swette by Reduzum

Op de Nijlânsdyk yn Reduzum is moandeitejûn om healwei njoggenen hinne in kemper yn it wetter rekke. De kemper is middenyn De Swette sonken. Der rekke net ien ferwûne.
It kemperbuske is fan in fisker. Hy woe himsels byljochtsje mei de lampen fan syn buske. Dat rôle lykwols fuort omdat de man it buske net op 'e hânrem setten hie. In berger hat de kemper tiisdeitemoarn út De Swette helle. Meiwurkers fan Wetterskip Fryslân ha kontrolearre oft der gjin brânstof of motoroalje yn it wetter lekte. Dat wie net it gefal.