FIDEO: It moarnsbrochje yn Den Haag

19 sep 2017 - 09:06

It giet noch mar om in jonge tradysje, mar it evenemint liket hieltyd grutter te wurden. We ha it oer it 'Prinsjesdagontbijt', it moarnsbrochje yn it Escherpaleis yn Den Haag. De provinsje Fryslân is der yn 2010 mei begûn om op de dei fan de troanrede by te praten mei Fryske Earste en Twadde Keamerleden. Yn 2015 kamen de provinsjes Grinslân en Drinte der ek by.

Tiisdei wiene de fjouwer grutste gemeenten fan it Noarden der foar it earst ek by. Dat binne Ljouwert, Grins, Emmen en Assen. De provinsje Grinslân wie diskear gasthear fan it moarnsbrochje. 

(advertinsje)