Kollum: "In ryk besit"

19 sep 2017 - 08:23

"De Flaamske taal, ik bin der sljocht op. Goesting, bleiter, kloefklapper, pezewever, sjampetter, trezebees en zabberen. Sok opsomjen soe in fragmint út in Harry Potter boek wêze kinne.

Taal is magy. Wurdmagy. It skellen dat froeger oan in striid foarôf gie, wie ek in soarte fan wurdmagy, bedoeld om de tsjinstanner te demoralisearjen. En tink bygelyks oan de midsiuwske minstreel, dy’t mei syn prachtige gedichten de smachtsjende jonkfrou omtrint út de toer glibberje liet. Taal is dus net allinne kommunikaasje, mar benammen ek emoasje. Dat blykt allegeduerigen út de diskusjes oer en om in taal hinne. De kranten en de ynterwebs stean der bytiden fol mei.

Okkerdeis stie der in berjochtsje yn de krante oer senioaren út it West-Flaamske Weverik. In stedsje dat sa yn it rychje Klein Zanikem, Havermouth, Zweinsveld en Vonkeveen past. Hawar, de senioaren út Weverik wiene in wike troch Fryslân op reis. Se hiene harren de eagen út de holle sjoen. De grutte fan ús provinsje, de lytse en smelle dykjes, it wetter, de brêgen en de loften. Se fûnen it allegear like prachtich. Sels it iten skeelde net alles, hoewol’t dat lang sa goed noch net wie as yn Flaanderen, fansels. It wie de 76-jierrige Gilbert Vanhopplinus trouwens opfallen dat de minsken hjir sa freonlik wiene. ‘Se begroetsje dy altyd mei in glimk om de mûle,’ sei er. ‘Miskien komt dat wol fan de frisse lucht.’ Wol wie er in bytsje teloarsteld oer de taal fan dy begroetings: ‘Ik hear it Frysk net in protte op strjitte. De minsken sprekke dy allegear yn it Hollânsk oan.’

Dat wie dus in ôfdijer, in tsjinfaller, in tebeksetter en in domper. Mei oare wurden: de Flamingen hiene it in pree fûn as se mei it Frysk yn kontakt kaam wiene. En dy lûden binne der mear. In Amerikaanske toeriste, dy’t ik goed ken, fernuveret har dêr ek oer. As sy yn Fryslân is wol se de taal hearre, seit se, net it Ingelsk of it Hollânsk. It praten fan in frjemde, net-autorisearre taal waard yn de midsiuwen as in skaaimerk fan de duvel sjoen, in teken datst besestere wiest. Dat sa’n opfetting noch hieltyd net útstoarn is, docht bliken út in útspraak fan Sonja de Vries. Dy sei in pear jier lyn dat it Frysk in straf fan God wie…

Gelokkich tinkt de gemiddelde toerist dêr dus oars oer. Dy wol krekt dy taal hearre, en faaks ek sjen, yn it strjitbyld. Dêr leit in moaie taak foar jo en my. Brûk dy taal, alle dagen en oeral. Wês der grutsk op en lit jim net yn in hoekje sette. Doch lykas Corlienke de Jong fan de FNP, dy’t der al betiid foar keas om altyd Frysk te praten. Sa’t sy fan ’t wykein yn de Ljouwerter sei: ‘Ik waard my bewust hoe moai en bysûnder dat is en tocht: ik doch it gewoan, al wie dat wol spannend.’

En sa is it. Us taal is in ryk besit. En it moaie is: wy kinne dat ryk besit útwreidzje en groeie litte. Alle dagen wer. It is kleare magy!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)