Noardlike gearkomste yn 'Ambassade fan Drinte' yn Den Haag

18 sep 2017 - 22:57

De netwurkgearkomste fan de noardlike provinsjes yn Den Haag luts moandeitemiddei sa'n 150 belangstellenden nei Nieuwspoort, dat foar de gelegenheid omdoopt wie yn 'Ambassade van Drinte'. Keamerleden, bestjoerders en oaren krigen presintaasjes te sjen oer saken lykas de lânbou fan de takomst, de oergong nei duorsume enerzjy en sûn âlder wurden, mar der wie ek omtinken foar kultuer en Drintske muzyk. De oanwêzige Keamerleden neamden de Noardlike byienkomst nuttich.

Dêr wiene Noardlike keamerleden by, lykas Agnes Mulder (CDA), mar ek Jan Poternotte fan D66 wie goed oer de gearkomste te sprekken. Neffens deputearre Cees Bijl fan Drinte is it wichtich om jo sjen te litten op it momint dat der in nije Twadde Keamer is en hast in nij kabinet: "Nieuwe ronden, nieuwe kansen, tink ik altyd mar. It is goed om se de mooglikheden fan it Noarden sjen te litten."

Net alles gie goed op de slotdei fan de Drintske Ambassade, It slotkonsert fan it Noordpoolorkest en de band Tangerine op it Plein foar it Twadde Keamergebou foel letterlik yn it wetter. Al by it tredde nûmer moast it konsert yn de iepenloft stillein wurde fanwegen fûle rein. De Noardlike lobby-aktiviteiten gean tiisdeitemoarn betiid wer fierder. Dan is der in mienskiplik Prinsjesdagmoarnsbrochje fan de trije Noardlike provinsjes en de fjouwer grutste gemeenten fan it Noarden yn it Escherpaleis yn Den Haag.

(Advertinsje)
(Advertinsje)