Dirk Kuijt by training Harkemase Boys

Tsientallen bern stienen moandeitejûn yn de rige foar in bysûndere gast op sportpark De Bosk op De Harkema: Dirk Kuijt wie de hiele dei op de klup. Hy dielde dêr hantekeningen út en gie mei de bern op de foto.
Kuijt wie de hiele dei dwaande mei syn trainerskursus foar de KNVB. Hy docht de kursus ûnder oare mei assistint-trainer Dick Schuurman fan Harkemase Boys. Se gean by de klups fan elke takomstige trainer del en dizze kear wie dat dus de Harkemase feriening.