Waaksma mei dochs doelgroepeferfier NE-Fryslân fersoargje

18 sep 2017 - 21:24

Taksy Waaksma mei dochs wol as ien fan de ferfierders it doelgroepeferfier fersoargje yn Noardeast-Fryslân. Dat hat it bestjoer fan it mobiliteitsburo fan de seis gemeenten yn Noardeast-Fryslân moandeitejûn besletten yn Dokkum. Njonken Waaksma hawwe ek Taksy NOF, Taksy Postma, VMNN en Taksy Dorenbos in gunning krigen. De nije oanbesteging giet yn op 8 jannewaris takom jier en is foar fiif jier. It giet om wmo-,  learlinge- en opstapperferfier yn de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân en Tytsjerksteradiel. 

De oanbesteging fan it doelgroepeferfier yn Noardeast-Fryslân waard yn maart takend oan in fjouwertal ferfierders: VMNN út Assen, Taxi- en Bergingsbedrijf Dorenbos út Assen, Taxicentrale Witteveen fan De Lemmer en Touringcarcentrale Noord Oost Friesland. De oanbesteging moast lykwols op lêst fan de rjochter oerdien wurde. Dat wie begjin juny de útkomst fan in koart pleit dat oanspand wie troch Taksy Waaksma. Dat bedriuw foel by dy earste oanbesteging bûten de boat, mar tekene beswier oan by de rjochter. Dy wiisde dat ta. 

As der gjin beswieren binne, wurdt de gunning op 9 oktober definityf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)